google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Wurdkar - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 10

full
Published on:

26th Apr 2023

Wurdkar

Watfoar krêft hat de taal dy 't we brûke en de wurden dy't we kieze? Wat as dat net strookt mei ús wearden?

Gabrielle harke dizze wiken net folle muzyk, mar in soad harkboeken wylst Arjan just in soad muzyk harke en LP's kocht en in kadootsje krige.

Ek gie Arjan nei Slieker foar de film Goodbye Stranger, dy 't ek syn lilkens tsjin streamingstsjinsten triggerde.

Gabrielle is noch hieltyd drok mei har ôfstudearjen, mar ek mei optredens en Arjan hat ta nauwe need syn tocht nei de podcast oerlibbet, mar wie hast oerriden troch flugge âlde minsken op e-bikes.

Boeken:

De stilte van het licht: https://www.goodreads.com/book/show/26266961-de-stilte-van-het-licht

De wetten van Bill Henderson: https://www.bol.com/nl/nl/p/de-wetten-van-bill-henderson/9300000140174539/?Referrer=ADVNLYAH002008-IBHZP5R36YXW4-78615266461250&msclkid=8e1b8c01ad3616350956e8495b800c9f

Rigolettohof: https://www.goodreads.com/book/show/59834635-rigolettohof?from_search=true&from_srp=true&qid=KDzZpo7MuK&rank=5

Daisy Jones & The Six: https://www.goodreads.com/book/show/40597810-daisy-jones-the-six?ref=nav_sb_ss_1_11

Portret van de zomer: https://www.goodreads.com/book/show/61171843-portret-van-de-zomer?ref=nav_sb_ss_1_20

Zo hoog de zon stond: https://www.goodreads.com/book/show/61894785-zo-hoog-de-zon-stond?ref=nav_sb_ss_1_7

Nextory: https://nextory.com/nl

Films:

Peggy Sue got Married: https://letterboxd.com/film/peggy-sue-got-married/

Goodbye Stranger: https://sliekerfilm.nl/film/goodbye-stranger/

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com