25 afleveringen

Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard Terpstra & Hut

    • Kunst
    • 5,0 • 1 beoordeling

    Triennen en Drûge Woarst

    Triennen en Drûge Woarst

    Gabrielle en Arjan beprate de Drachtster poëzyscene mei poëzy fan Wieger Oepke Lindeboom, kafee Marktzicht en it skriuwersarkje.
    Gabrielle lêst foar út De Beesten fan Gijs Wilbrink en Arjan út List, Lust, Liefde van Sjieuwe Borger.
    Gabrielle hie EMDR en moast dêrtroch gûle yn it skriuwerskafee en Arjan hat soms argewaasje fan ymprovisaasje
    We wiene ek noch op it boekebaltsje, dêr't in soad bekende gesichten wiene en we seagen nochal spannende films.
    Fierder: It moanne-kantoor, Friese Lente, Amai awards, poëzy yn de Bres, dichters-mythen, Ferstival, fjoer, slammen, knokfilms, húslik geweld, Whalt Whitman en nertsen

    • 54 min.
    Instagram en stedsdichters

    Instagram en stedsdichters

    Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.
    Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê 't ûnder oare Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne.
    Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dragen, mar dat giet mis, mar dat is de realiteit fan it foardragen
    Arjan gie nei de platebeurd en fûn kristlike metal opdroegen oan abortearre poppen.
    De film Witte Wieven út de searje Koolhoven presenteerd waard sjoen en Gabrielle fûn it net leuk, mar Arjan wol, hy seach ek The Kingdom út.
    Eartiids seagen Ronald, Gabrielle en Arjan rare dingen online of yn tydskriften, hoe gie dat krekt?
    Gabrielle lêst foar út de Fryske ferzje fan it boekewikegeskink fan de Chabotten: gesinsferpakking.
    Gûle wy faak om boeken?
    Fierder: Europapa, Joost Klein, hoe goed kenne wy him? Ha wy wat mei it sjongfestival? Arjan hat in Dúts gedicht makke
    Mei poezy fan Arjan Hut. Lubbert-Jan de Vries en Ronald Wijnia

    • 1 u.
    Nije tune

    Nije tune

    We hawwe in nije tune, makke troch Wim Brons (of soe it AI wêze kinne?)
    Arjan fynt it foaropwurd fan de Ensafh in bytsje Apocalyptysk en wol dêrtroch graach rolskaatsen keapje. Gabrielle seach Dune 2 en gie nei Centerparcs en hierde dêr in e-bike en fûn yn de ynbringwinkel fan Frjentsjer in moai gedicht.
    Wy prate oer de gefaren fan de stêd Ljouwert, mar ek Frjentsjer blykt gefaarlik te wêzen. fjierder oer it nijste koarte ferhaleboek fan Sipke de Schiffart en oer teletekst, libjend kegeljen en in soad oer fytsen en fansels oer ús húsdieren, jim favorite ûnderwerp!
    Arjan lies ek noch de twa bêste boeken ea: We have always lived in the Castle A confederacy of Dunces.
    Mei poëzy fan Elske Kampen en Herman Finkers.

    • 57 min.
    Dûnsje en Dichters

    Dûnsje en Dichters

    It wie in drokke poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter en in stuntrit út de grutte gerichtsjûn by It Fean wei.
    Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik fuort. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat?
    Arjan freget him ôf oft syn gelok op is en foarseit dat er dêrom nea in Gysbert winne sil en Gabrielle sil in boek skriuwe.

    Wy soene graach wolle dat Sigrid Kingma dûnsles oan dichters jaan sil en fierder seagen wy in soad tv. Fan Gijs Groenteman oant de Vaandeldrager 5.
    Arjan sjocht út nei De Moanne wêryn't in soad nij poëzytalint stean sil, lykas Bram Zielman en Ria Walstra.
    Ek it projekt Now is the time to say new things fan Jochem Knoeff is wat om nei út te sjen.
    Wy beprate de bondel Rozige Maanvissen fan Sytse Jansma en lêze ek poezy fan Lans Stroeve en Jacobus Q Smink

    • 1 u. 2 min.
    Tsjuster en Terapy

    Tsjuster en Terapy

    It is poezywike!
    Arjan hat poezy meinaam mei it tema thús.
    Douwe Dijkstra is te gast om te fertellen oer syn nijste show en it sjenre terapyop. Hy fertelt oer syn ûnderfining mei terapy en ek Gabrielle en Arjan fertelle oer harren ûnderfiningen mei terapy. We fertelle wat foar ús helpt foar in sûne geast.
    Arjan seach in soad japanske films en Gabrielle seach in film oer Black Metal en it ferhaal fan Mayhem Fierder wol Arjan graach fisk as betankje nei in optreden, mar Douwe stjoert leaver in faktuer. Gabrielle fynt it broerke fan Gerard Marcel knap en Arjan sjocht út nei de bondel fan Sietse Jansma.

    • 1 u. 5 min.
    2023-12-23

    2023-12-23

    Arjan hat in supersmûke wurkwike en Gabrielle hat yn Dútslân west.
    Hoe is it om yn de redaksje fan in literêr tydskrift te sitte en mei Gabrielle noch wol by Pauper Poëzie no't se oan in Frjentsjerter grêft wennet?
    Arjan stelt fragen oer nepnijs en fertelt hoe't it is om yn it lichem fan in hûn telâne te kommen.
    Mei Poezy fan Nyk de Vries, Arjan Hut en Gerard Reve.
    No is de perfekte tiid om De Avonden te lêzen!

    • 1 u. 3 min.

Klantrecensies

5,0 van 5
1 beoordeling

1 beoordeling

Top-podcasts in Kunst

Etenstijd!
Yvette van Boven en Teun van de Keuken
Met Groenteman in de kast
de Volkskrant
Man met de microfoon
Chris Bajema
Ervaring voor Beginners
Comedytrain
RUBEN TIJL RUBEN - DÉ PODCAST
RUBEN TIJL RUBEN/ Tonny Media
De Groene Amsterdammer Podcast
De Groene Amsterdammer