google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Wittenskippers binne skokt troch dit feit - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 13

full
Published on:

1st May 2025

Wittenskippers binne skokt troch dit feit

🎙️ Wittenskippers binne skokt: Gabrielle en

Arjan meitsje wer in podcast!

Gabrielle is

klear mei har manuskript en giet nei de skriuwersarke, wylst Arjan bliid is dat

hy der net hinne hoecht. Arjan wurket no faak mei Marrit Jellema, dy’t ek krekt

har manuskript ôf hat. Wat dochst eins as in manuskript klear is?

Arjan mocht foar

€100 oan boeken keapje en die dat ek: fan Oroppa fan Saffae el

Khannoussi (wer Gabrielle in stikje út foarlêst) oant Kappelekensbaan

fan Louis Paul Boon. Hy liet 80.000 minsken yn in stêd fan Piter

Terpstra leaver lizze — te modern-literêr nei syn sin.

Gabrielle wurdt

in bytsje ûngemaklik fan it kriebelvisje yn Gezinsverbijstering fan

Meindert Talma. Underwilens begjint Lyts Gelok hast

En wy stelle de

fraach: bin wy yntrovert? Margriet Poortstra wist it al yn 1985.

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com