google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc No sa - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 14

full
Published on:

6th Jul 2023

No sa

Ritme, regelmaat en biggemolke.

Arjan hat syn lêste rit oant djip yn de Fryske Wâlden hân mei boargemaster Oebele Brouwer en syn Walddichterskip sit der no echt op.

Gabrielle is nei alle gedachten ôfstudearre as dit online komt en wie foar it earst yn har libben yn Berlyn.

Der is muzyknijs oer Nyk de Vries, de Tigers fan Greonterp en der is lang om let wer ris in Frisian Metal Massacre LP útkaam!

Fierder is der poezy fan Gerard Marcel de Jong en Sipke de Schiffart en prate we by oer de Fryske literêre sêne, wat is dêr no wer oan de hân? Arjan fettet it foar ús gear!

Ek ha we in nije rubryk dy't ‘no sa’ hjit, dêr ’t Gabrielle en kollum yn foarlêst.

HARKJE

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com