google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Metallica en Mata Hari - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 25

full
Published on:

15th Jun 2026

Metallica en Mata Hari

Arjan hier hast in tattoo! en Gabrielle gie nei Pitfest, dêr't it der wyld oan ta gie, hast as by de burenruzie yn Burgum.

Wy steane stil by it ferstjerren fan Lieke Marsman, en Arjan draacht in oerset gedicht fan har foar.

Gabrielle lêst Yesteryear fan Caro Claire Burke en is entûsjast en Arjan fytste nei Boksum om in boek fan Ulbe van Houten te lêzen.

Wa hat de Gjalp wûn en wa de Rely?Hoe dan ek, doch mei oan de Slam!

Gabrielle fertelt oer har boektour yn Dokkum dizze wike. Arjan giet op deselde dei dichtsje mei dûnsers.

It lêste wykein fan juny wurdt drok:

25 juny: Fryske Slam

26 juny: Rink van der Velde.

27 juny: Diele fan it Waad.

28 juny: de boekpresintaasje fan Yeeha.

Muzyk fan Bethlehem en fan Metallica.

Proaza fan Beatriz Serrano

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com