google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Instagram en stedsdichters - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 8

full
Published on:

21st Mar 2024

Instagram en stedsdichters

Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.

Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê 't ûnder oare Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne.

Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dragen, mar dat giet mis, mar dat is de realiteit fan it foardragen

Arjan gie nei de platebeurd en fûn kristlike metal opdroegen oan abortearre poppen.

De film Witte Wieven út de searje Koolhoven presenteerd waard sjoen en Gabrielle fûn it net leuk, mar Arjan wol, hy seach ek The Kingdom út.

Eartiids seagen Ronald, Gabrielle en Arjan rare dingen online of yn tydskriften, hoe gie dat krekt?

Gabrielle lêst foar út de Fryske ferzje fan it boekewikegeskink fan de Chabotten: gesinsferpakking.

Gûle wy faak om boeken?

Fierder: Europapa, Joost Klein, hoe goed kenne wy him? Ha wy wat mei it sjongfestival? Arjan hat in Dúts gedicht makke

Mei poezy fan Arjan Hut. Lubbert-Jan de Vries en Ronald Wijnia

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com